Amarillo (Teksas)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Amarillo (útspr.: [ˌæməˈɹɪloʊ], likernôch: "ê-muh-ril-loo") is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't ta de regio fan 'e Teksaanske Panhandle heart. Amarillo is it haadplak fan Potter County. De namme fan it plak is Spaansk foar "giel". Amarillo is de grutste stêd yn 'e Teksaanske Panhandle en hat as sadanich in sintrumfunksje foar de omlizzende krite. De stêd neamt himsels de "Heliumhaadstêd fan 'e Wrâld", om't der sa'n protte helium wûn wurdt. Amarillo stiet ek bekend as de "Yellow Rose of Texas" (de "Giele Roas fan Teksas"). Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2020 hie Amarillo doe 200.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, kaam de befolking op 270.000 minsken.
Fluch de feiten
Amarillo | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | Potter County Randall County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 200.393 (2020) | |
Oerflak | 269 km² (ynkl. wetter) 264,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 756,5 / km² | |
Stêdekloft | 269.703 (2020) | |
Hichte | 1.116 m | |
Oar | ||
Stifting | 1887 | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 35°11′57″N 101°50′43″W | |
Offisjele webside | ||
www.amarillo.gov | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Amarillo yn Teksas. |
Slute