Arianny Celeste
From Wikipedia, the free encyclopedia
Arianny Celeste (útspr. [æɹi'ɑ:ni sə'lɛst], likernôch: "ê-ry-aany suh-lest"; wiere namme: Penelope López Márquez; Las Vegas, 12 novimber 1985) is in Amerikaansk model fan Latino-komôf. Se is bekend wurden troch har wurk as omgongsdame by de mixed martial arts-kompetysje fan it Ultimate Fighting Championship (UFC). Se wie ek mei-presintatrise fan it autoprogramma Overhaulin’, en hat mei in fotoreportaazje yn it neakenblêd Playboy stien.
Fluch de feiten
Arianny Celeste | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Penelope López Márquez | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 novimber 1985 | |
berteplak | Las Vegas (Nevada) | |
etnisiteit | Filipynsk Meksikaansk | |
wurkpaad | ||
soarte model | glamourmodel | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.ariannyceleste.com |
Slute
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Penelope. De earste efternamme (fan heitekant) is López, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Márquez. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm López of oars López Márquez brûkt wurde.