Belfast
From Wikipedia, the free encyclopedia
Belfast (Iersk: Béal Feirste) is de grutste stêd (city) en in distrikt yn Noard-Ierlân en de provinsje Ulster. Sûnt 1922 is it de haadstêd fan Noard-Ierlân, en it is de haadstêd fan it greefskip Antrim.
Belfast | ||
Polityk | ||
Lân | Noard-Ierlân Feriene Keninkryk | |
Greefskip | County Antrim County Down | |
Boargemaster | Naomi Long (Alliance Party) 2008 | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 267.500 (2010) | |
Oerflak | 115 km² | |
Befolkingsticht. | 2 428/ km² | |
Stêdekloft | 483.418 | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Koördinaten |
- Dizze side giet oer de stêd yn Noard-Ierlân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Belfast (betsjuttingsside).
De name Belfast komt fan it Ierske Béal Feirste, mûning fan de Farset, de rivier dêr't de stêd oan boud is. De rivier Farset is opgien yn de gruttere rivier Lagan en is tsjintwurdich net folle mear as in piip dy't ûnder de stêd rint.
Belfast leit oan de see-earm Belfast Lough en hat sa in drekte ferbining mei de Ierske See. De stêd wurdt omjûn fan hichten (Black Mountain en Cavehill). Alde gebouwen yn Belfast binne ûnder oaren de Queen's University (1849) en de City Hall (1903). Under de bêst bewarre binne twa (eardere) banken: Ulster Bank (1860) en Northern Bank (1769).
It grutste drûchdok fan de wrâld is hjir ek. Yn dit dok waard de ferneamde Titanic boud. Fanâld oare wichtige yndustrieën binne de fabrikaazje fan it Ierske linnen en it meitsjen fan tou.
Belfast hat twa fleanfjilden, George Best Belfast City Airport, oan de râne fan de stêd by Holywood, en Belfast International Airport, ûnder Lough Neagh.