Bûkarest
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bûkarest of Boekarest (Roemeensk: Bucureşti) is de haadstêd en it yndustriële, kommersjele en kulturele sintrum fan Roemeenje. De stêd hat in oerflak fan 226 km² en hat in likernôch 2,2 miljoen ynwenners (2006); de befolking wurdt de lêste jierren lykwols stadichoan lytser. Bûkarest leit yn it súdeasten fan it lân, oan de rivier de Dâmboviţa. De stêd waard yn it ferline gauris it Parys fan it Easten neamd; dizze bynamme wurdt lykwols nei de 'stêdfernijings' fan diktator Nicolae Ceauşescu net in soad mear brûkt.