Candy Dulfer
From Wikipedia, the free encyclopedia
Candy Dulfer (Amsterdam, 19 septimber 1969) is in Nederlânsk saksofoniste. Candy Dulfer is de dochter fan Hans Dulfer, ek in ferneamd saksofonist.
Doe't sy seis jier wie begûn hja al saksofoan te spyljen. Sy har eigen band, Funky Stuff, sûnt sy 14 wie. Har debútalbum Saxuality (1990) krige in a Grammy Award nominaasje. Yn de rin fan de tiid hat hja njoggen studio-albums, twa live albums en ien sammelalbum útbrocht. Sy hat op it poadium en op de plaat gearwurke mei muzikanten sa as har heit Hans Dulfer, Prince, Dave Stewart, René Froger, Van Morrison, en Maceo Parker. Foar de Nederlânske telefyzje makke hja de rige Candy meets... (2007), dêr't sy yn muzikanten ynterviewde dêr't se mei gearwurke hat.