Carlisle (Ingelân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Carlisle (útspr.: [kɑ(ɹ)'lail], likernôch "karlail" of "kaalail", mei de klam op it twadde wurdlid) is in stêd yn noardwestlik Ingelân en de haadstêd fan it greefskip Kumbria. It is ek it bestjoerssintrum fan it stedsdistrikt Carlisle (City of Carlisle), in borough fan it greefskip Kumbria. Carlisle, dat as bynamme de Great Border City (de "Grutte Grinsstêd") fiert, leit op it plak dêr't in trijetal rivierkes gearfloeie, 16 km besuden de Skotske grins. It is it grutste plak fan Kumbria en neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 doe goed 75.000 ynwenners.
Fluch de feiten
Carlisle | ||
Loftfoto fan it sintrum fan Carlisle. | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Lânsdiel | Ingelân | |
Regio | Noardwest-Ingelân | |
Greefskip | Kumbria | |
Distrikt | Carlisle | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 75.306 (2011) | |
Stêdekloft | 108.000 (2011) | |
Oar | ||
Stifting | Aldheid | |
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC +1 | |
Koördinaten | 54°53′28″N 2°56′38″W | |
Offisjele webside | ||
www.carlisle.gov.uk | ||
Kaart | ||
Slute