Charlotte Rampling
From Wikipedia, the free encyclopedia
Charlotte Rampling (Sturmer, Essex, 5 febrewaris 1946) is in Britsk aktrise, dy't ek yn Frânske en Italjaanske films te sjen west hat.
Rampling is de dochter fan kolonel Godfrey Rampling, in eardere Olympyske atleet. Har bernejierren brocht se troch yn Frankryk, mar letter gie hja werom nei Ingelân. Sy spile yn musicals en die modellewurk. Yn 1972 troude sy mei akteur Bryan Southcombe. By dy relaasje wie noch in ekstra persoan belutsen, in manlik model, dat hja hiene in «ménage à trois». Rampling dêroer yn in ynterview: There are so many misunderstandings in life. I once caused a scandal by saying I lived with two men [...] I didn't mean it in a sexual sense [...] We were just like any people sharing an apartment. Rampling wertroude mei de Frânske musikus Jean-Michel Jarre, mar ek dit houlik einige yn in skieding yn 1997 doe't hja ûntduts dat Jarre ferhâldings mei oare froulju hie. Hja rekke oerspand, mar fûn treast yn de earms fan Jean-Noël Tassez, in Frânske kommunikaasje tycoon, sûnt 1998.
Mei Jane Birkin en Jacqueline Bisset makke hja har filmdebút yn de Ingelske komeedzje The Knack …and How to Get It út 1965. Neitiid herhuze sy nei Itaalje foar mear serieus wurk. Hja draaide dêr yn 1969 mei Luchino Visconti de film The Damned. By it grutte publyk waard se fral bekend mei de film fan Liliana Cavani The Night Porter út 1974. Ein jierren 70 ferfarde hja nei Frankryk en dêr spile sy mei yn films fan ûnder oaren Yves Boisset en Claude Lelouch.
Rampling hat har ferskate kearen liend foar films dy't letter nochal wat opskuor joegen, û.o. fanwege it erotyske karakter.