Charlotte von Lengefeld
From Wikipedia, the free encyclopedia
Charlotte Luise Antoinette von Schiller, berne Charlotte von Lengefeld (Rudolstadt, 22 novimber 1766 – 9 july 1826) wie de frou fan de Dútske dichter Friedrich Schiller.
Lengefeld waard as jongfaam al yntrodusearre yn de literêre rûnten fan Weimar. Sy moete Schiller yn 1785 doe't er noch in earme, ûnbekende dichter wie. De aristokratyske Charlotte, dy't oan it hartochlik hôf fan Saksen-Weimar kaam, hie faak wol muoite mei de libbensstyl fan de bohemiem Schiller en syn freonen. Hja krigen fjouwer bern: Karl Ludwig Friedrich (1793-1857), Ernst Friedrich Wilhelm (1796-1841), Karoline Luise Friederike Schiller (1799-1850), en Emilie Henriette Luise (1804-1872).