Dadaïsme
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dada of it Dadaïsme wie in kulturele beweging dy't yn de Earste Wrâldkriich yn Zürich yn it neutrale Switserlân útein sette.
De beweging hat mar koart bestien en hie syn hichtepunt tusken 1916 en 1920, dochs hat har ynfloed grut west. De keunstners fan Dada wienen foaral dwaande mei byldzjende keunst, poëzij, teater en grafysk ûntwerp. De beweging is besibbe oan it nihilisme: it mei sin yrrasjoneel wêze en algemien oanfurdige standerts yn de keunst ôfwize. Neist dat hja tsjin oarloch wiene, wie it ek in anti-boargerlike en anargistyske beweging.
De keunstners wiene tige teloarsteld oer it debakle fan de kriich, dy't al rillegau fêstrûn wie yn in útsjochleaze rinfuorgekriich. Der ûntstie in tendins ûnder literêre- en byldzjende keunstners om besteande (keunst)wearden de gek oan te jeien op bretale wize. Dit wie foar harren in menier om de skynhilligens fan de doetiidske 'beskaafde' wrâld oan de kaak te stellen. Richard Hülsenbeck sei it sa: "De dadaïst achtet it nedich om him tsjin de keunst út te sprekken, om't er troch de oplichterij fan keunst as morele feilichheidsklep hinne sjocht.";[1] en: "Abstrakte keunst betsjut absolute earlikens foar ús". It dadaïsme soe waakse ta in ynternasjonale beweging.