East-Frânsje
From Wikipedia, the free encyclopedia
East-Frânsje, East-Frankelân of it Eastfrankyske Ryk (Latyn: Regnum Francorum Orientalium) of letter it Dútske Keninkryk of Dútske Ryk (Latyn: Regnum Teutonicum) wie de foarrinner fan it Hillige Roomske Ryk. It lân wie ûntstien nei it ferpartsjen fan it Karolingyske Ryk yn trijen mei it Ferdrach fan Ferdun yn 843. De Karolingen bleaune oer it lân hearskjen oant 911.
Troch de east-west-skieding fan de Romaansk-Germaanske taalgrins ûntjoegen sa stadichoan twa ferskillende keninkriken, dêr't East-Frânsje him ûntjoech ta it Keninkryk Dútslân en West-Frânsje ta it Keninkryk Frankryk.
Keninkryk fan de Eastfranken Francia orientalis | |
---|---|
0843-962 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Ferskate bygelyks Frankfurt, Regensburg (Ratisbon) |
offisjele taal | Aldheechdútsk Aldsaksysk Aldfrysk beheind gebrûk fan Frankysk en Latyn foar tsjerklike en offisjele gebrûken |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | Frankyske Ryk |
opgien yn | Hillige Roomske Ryk |
no diel fan | • Dútslân • Switserlân • Eastenryk • Sloveenje • Nederlân • Belgje • Lúksemboarch |
Skiednis fan Dútslân |
Germaanske Aldheid |