Eskdoarnen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De eksdoarnen, beltsjebeammen, ahorns of yn bernetaal 'fleanmasyntsjebeammen' (Acer) binne in skaai fan leafbeammen of -strûkken. Ofhinklik fan de taksonomyske opfetting heart dizze, ta de Eskdoarnfamylje (Aceraceae) of, moderner, ta de Sjippebeamfamylje (Sapindaceae).
Fluch de feiten
eskdoarnen | ||
De sûkereskdoarn (Acer saccharum). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | planten (Plantae) | |
(sûnder rang): | draaiplanten (Streptophyta) | |
ûnderryk: | lânplanten (Embryophyta) | |
boppestamme: | faskulêre planten (Tracheophyta) | |
stamme: | blêdplanten (Euphyllophyta) | |
(sûnder rang): | ranke planten (Lignophyta) | |
boppeklasse: | siedplanten (Spermatophyta) | |
klasse: | bedutsensieddigen (Angiospermae) | |
(sûnder rang): | twasiedblêdigen | |
(sûnder rang): | rosiden | |
(sûnder rang): | malviden | |
skift: | sjippebeameftigen (Sapindales) | |
famylje: | sjippebeammen (Sapindaceae) | |
ûnderfamylje: | kastanjes (Hippocastanoideae) | |
skaai: | eskdoarnen (Acer) | |
Linnaeus, 1753 | ||
Ferspriedingsgebiet | ||
Slute
Eskdoarns komme foar yn de mylde klimaatgebieten fan it noardlik healrûn; inkelde soarten komme foar yn Súdeast-Aazje en Yndoneezje. It skaai telt sa'n 120 soarten, ferdield yn 16 seksjes mei 230 ferskillende taksa (soarten, ûndersoarten en fariëteiten). Dêrneist binne der ferskate hybriden.
Yn Nederlân binne allinnich de Spaanske aak of Fjildesdoorn (Acer campestre) en de gewoane eskdoarn (Acer pseudoplatanus) lânseigen.