Finistère
Frânsk departemint / From Wikipedia, the free encyclopedia
Finistère (Frânske útspr.: [finisˈtɛːʀ], likernôch: "fy-nys-têch"; Bretonsk: Penn-ar-Bed, útspr.: [pɛnarˈbeːt], likernôch: "pen-ar-beet") is in departemint fan Frankryk dat yn it uterste westen fan it lân leit, op 'e útein fan it skiereilân Bretanje. De namme komt fan it Latynske Finis Terræ, dat "Lânsein" betsjut. Finistère makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje en hat it departemintsnûmer 29. De haadstêd is Quimper, mar de grutste stêd is Brest. Finistère hie yn 2016 in befolking fan goed 908.000 minsken.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Finistère | |
---|---|
De lizzing fan Finistère yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Bretanje (regio) |
haadplak | Quimper |
grutste plak | Brest |
departemintsnûmer | 29 |
sifers | |
ynwennertal | 908.249 (2016) |
oerflak | 6.733 km² |
befolkingstichtens | 134,9 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 48°15′ N 04°00′ W |
webside | www.cg29.fr |
Slute