Fort Worth
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fort Worth is de op fjouwer nei grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It leit yn it flakke noardeastlike diel fan Teksas oan 'e rivier de Trinity, in streamke dat te ûndjip is foar skipfeart, en foarmet in twillingstêd mei it oangrinzgjende Dallas (ûnder de namme Dallas/Fort Worth). Fort Worth is fierders it haadplak fan Tarrant County, al lizze guon bûtenwiken yn it oanswettende Denton County, Johnson County, Parker County en Wise County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Fort Worth doe krapoan 780.000 ynwenners. De stêdekloft dêr't Fort Worth, Dallas, Arlington en oare plakken ta hearre, hie yn 2012 in befolking fan rom 6,6 miljoen minsken, wat it ta de op trije nei grutste agglomeraasje fan it lân makket. Fort Worth wie tusken 2000 en 2006 de fluchst groeiende stêd fan 'e Feriene Steaten.
Fort Worth | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | Tarrant County Denton County Parker County Johnson County Wise County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 777.992 (2012) | |
Oerflak | 904,4 km² (ynkl. wetter) 886,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 835,2 / km² | |
Stêdekloft | 6.645.678 (2012) | |
Hichte | 216 m | |
Oar | ||
Stifting | 1849 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 32°45′27″N 97°19′60″W | |
Offisjele webside | ||
www.fortworthtexas.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Fort Worth yn Tarrant County en yn 'e steat Teksas. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fort Worth (betsjuttingsside).