Gal (opperhaad)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gal (Lakota: Phizí, útspr.: [pʰi'zi:] (eins "Galblaas"); Ingelske oersetting: Gall; ±1840 – 5 desimber 1894) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en waard benammen bekend troch syn belutsenens by de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten.
Fluch de feiten
Gal (opperhaad) | ||
Gal yn 1881. Fotograaf: David Francis Barry (1854–1934) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Phizí | |
oare namme | Gall | |
berne | ±1840 | |
berteplak | ? (Súd-Dakota) | |
stoarn | 5 desimber 1894 | |
stjerplak | yn it Standing Rock Reservaat (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Hûnkpapa | |
jierren aktyf | 1866 – 1894 |
Slute