Goði
From Wikipedia, the free encyclopedia
In goði (gauris skreaun mei de ferienfâldige stavering gothi of soms godhi) wie yn 'e Wytsingtiid in Aldnoarske oantsjutting foar in heidensk preester en letter foar in haadman. De útspraak fan 'e letter eth (ð) is gelyk oan 'e stimhawwende th, lykas yn it Ingelske wurd this. De meartalsfoarm is goðar, en de froulike wjergader, foar in heidensk preesteresse, is gyðja.