Java (eilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Java is in eilân yn de Republyk Yndoneezje. It eilân is 132.000 km² grut en hat mear as 114 miljoen ynwenners. Dêrmei is it meast tichtbefolke eilân fan Yndoneezje mei trochstrings 864 minsken de fjouwerkante kilometer.
De haadstêd en tagelyk residinsje fan it lân, Jakarta, leit oan de noard-westkust fan Java. Jakarta mei de foarstêden wurdt meastentiids de Jabotabek neamd, in gearfoeging fan Jakarta - Bogor - Tangerang - Bekasi. Yn dy stêdekloft wenje ûngefear 20 miljoen minsken. De stêd Jakarta sels hat in ynwennertal fan 10 miljoen.