Kommys
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kommys (fan it Frânske commis, dat "klerk" of "winkelbetsjinner" betsjut) is in eardere amtlike rang yn Nederlân. It gie om in administrative amtner fan middelbere rang, leger as in referindaris, mar heger as in klerk. Boppe, efterelkoar ûnder de kommys bestienen noch de rangen fan haadkommys en adjunkt-kommys. De funksje wurdt faak assosjearre mei amtners by de belestingtsjinst of dûane, mar ek op gemeentesekretaryen wiene kommizen.
Nei 1981 ferdwûn de rang út de Nederlânske amtnerij nei't der salarisskalen ynfierd waarden. Op Kurasau bestie de funksje fan kommys by de belestingtsjinst oant 2011.