Lockheed F-104 Starfighter
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lockheed F-104 Starfighter wie in supersoanyske fjochtfleanmasine, ferneamd fan syn hege faasje. De Starfighter waard 1958 operasjoneel yn de Amerikaanske loftmacht en tsjinne dêr oant 1967. Doe wie it tiid foar in nij type fjochtfleanmasine. In fernijde Starfighter koene hja goed ferkeapje yn it bûtenlân, benammen oan de oare NAFO lidsteaten, bygelyks Dútslân, Kanada en Itaalje, dêr't it type operasjoneel bleau oant mids tachtiger jierren (yn de Italjaanske loftmacht oant 2004).
Mear ynformaasje F-104 Starfighter, Makker ...
F-104 Starfighter | |
---|---|
Makker | Lockheed Martin |
Earste flecht | 4 maart 1954 |
Yn tsjinst | 20 febrewaris 1958 |
Ut tsjinst | 2004 (Itaalje) |
Oare fariant | Canadair CF-104, Lockheed NF-104A, Aeritalia F-104S, CL-1200 Lancer en X-27 |
Tal makke | 2580 FSA en oeral yn de wrâld yn lisinsje |
Brûkers | USAF 1958-1967, ANG 1967-1975, NASA 1975-1994 |
Slute
De letter produsearre Starfighter krige de namme dreech om mei te fleanen. De Dútske ferzje ferûngemakken in protte fan, dat dy krigen nammen lykas "Widowmaker" en "Earth Nail". In protte loftmachten hawwe dêrnei keazen foar de F-16 Fighting Falcon