Lubbock (Teksas)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lubbock (útspr.: [ˈlʌbək], likernôch: "lab-b’k") is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't ta de regio West-Teksas heart. Lubbock is it haadplak fan it omlizzende Lubbock County. De bynamme fan 'e stêd is "Hub City" (de "Asstêd"), in oantsjutting dy't ferwiist nei de spilfunksje dy't Lubbock ferfollet foar in krite fan in grut tal countys wat ekonomy, ûnderwiis en sûnenssoarch oanbelanget. It gebiet om Lubbock hinne is de grutste oaniensletten katoenferbouwende regio yn 'e wrâld. Neffens in offisjele skatting út 2022 hie Lubbock doe 264.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, kaam de befolking op 328.000 minsken.
Fluch de feiten
Lubbock | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | Lubbock County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 263.930 (2022) | |
Oerflak | 351,9 km² (ynkl. wetter) 348,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 750,0/ km² | |
Stêdekloft | 328.283 (2022) | |
Hichte | 976 m | |
Oar | ||
Stifting | 1889 | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 33°35′06″N 101°50′42″W | |
Offisjele webside | ||
ci.lubbock.tx.us | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Lubbock yn Lubbock County en yn Teksas. |
Slute