Marije I fan Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Marije I, yn 'e regel Marije Stuart neamd en yn it Ingelsk bekend as Mary, Queen of Scots (Linlithgow (Skotlân), 8 desimber 1542 – Fotheringhay (Ingelân), 8 febrewaris 1587), wie keninginne fan Skotlân fan 1542 oant 1587 en dêrnjonken ek keninginne-gemalinne fan Frankryk fan 1559 oant 1560. Hja wie it iennichste oerlibjende wettige bern fan kening Jakobus V fan Skotlân, dy't seis dagen nei har berte stoar. Marije waard grutbrocht oan it Frânske Hof, wylst Skotlân bestjoerd waard troch reginten. Har houlik mei kening Frâns II fan Frankryk duorre mar koart.
Marije I fan Skotlân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk Frânsk | |
bertedatum | 8 desimber 1542 | |
berteplak | Linlithgow (Skotlân) | |
stjerdatum | 8 febrewaris 1587 | |
stjerplak | Fotheringhay (Ingelân) | |
dynasty | Hûs Stuart | |
etnisiteit | Skotsk Deensk Dútsk Frânsk Ingelsk Nederlânsk Savoaisk Welsk | |
keninginne fan Skotlân | ||
regear | 1542 – 1567 (1542 – 1554 reg. greve fan Arran) (1554 – 1560 reg. Marije fan Guise) | |
foargonger | Jakobus V | |
opfolger | Jakobus VI | |
keninginne-gemalinne fan Frankryk | ||
amtsperioade | 1559 – 1560 |
Yn 1561 kearde se as widdo werom nei Skotlân om it regear oer har heitelân op te nimmen. Troch har roomske opfieding yn Frankryk stie Marije negatyf foar it oanwaaksende protestantisme yn Skotlân oer, wylst de protestanten har as harren wichtichste fijân seagen. Doe't har ûnlijige leafdeslibben it hiele lân yn ûnstjoer brocht, waard Marije yn 1567 twongen en doch ôfstân fan 'e troan. Se waard finzen set, mar wist nei Ingelân te ûntkommen, dêr't se lykwols fannijs opsletten waard troch har efternicht Elizabeth I. Dy seach har as in bedriging om't Marije troch de roomsen yn Ingelân as de wiere keninginne fan dat lân beskôge waard. Nei in finzenskip dy't mear as 18 jier duorre, liet Elizabeth har úteinlik yn 1587 ûnthalzje.