Meidogger:Sybrand/Spaanske Revolúsje (1936-1939)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Spaanske Revolúsje wie de maatskaplike en ekonomyske revolúsje yn de Spaanske Boargeroarloch (1936–1939), wêrby't in grut part fan de bedriuwen yn ferskate dielen fan Spanje oarnommen waarden troch de wurknimmers. Dit arbeidersselsbestjoer wie ûnderdiel fan de anargistyske antykapitalistyske organisaasjeprinsipen. It swiertepunt fan it anargistyske arbeidersselsbestjoer lei yn Kataloanje en Aragon, maar foar in lytser part ek yn Kastylje, Levante en Andalûsje. Meastentiids wie it arbeidersselsbestjoer basearre op de prinsipen fan it kollektyf-anargisme en yn in pear gefallen wie it basearre op it anargokommunisme.
De grutte oanjeier fan de koöperaasjes (ek wol kollektiven of assosjaasjes neamd) wie it anargosyndikalistyske fakbûn Confederación Nacional del Trabajo (CNT). Ek waard it stipe troch de antystalinistyske Partido Obrero de Unificación Marxista (POUM). Yn totaal wienen om 1,8 miljoen arbeidskreften hinne dy't wurken yn arbeidersassosjaasjes. Tsjinstanners fan it arbeidersselsbestjoer bestienen út oanhingers fan it nasjonalistyske kamp en bepaalde groepen yn it republikeinske kamp, nammentlik de Kommunistyske Partij fan Spanje, de Spaanske Sosjalistyske Arbeiderspartij en de liberale republikeinen.