Meksiko-Stêd
From Wikipedia, the free encyclopedia
Meksiko-Stêd (Spaansk: Ciudad de México of México D.F., Ingelsk: Mexico City), faak Meksiko (Spaansk: México) neamd, is de haadstêd fan Meksiko. Bestjoerlik besjoen is Meksiko itselde as it Federaal Distrikt (Spaansk: Distrito Federal, D.F.), en gewoanwei wurdt de stêd faak D.F. neamd. Meksiko-stêd is ien fan de grutste stêden yn de wrâld. It Federaal Distrikt hat 8,8 miljoen ynwenners, de agglomeraasje Meksiko-stêd, dat ek parten fan de dielsteat Meksiko beslacht, hat goed 20 miljoen ynwenners. Meksiko-stêd lei yn de Delling fan Meksiko op 2240 meter boppe de seespegel en is it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan it lân.
Fluch de feiten
Meksiko-stêd | ||
De Paseo de la Reforma sjoen fanôf Chapultepec. | ||
Polityk | ||
Lân | Meksiko | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.209.944 (2020) | |
Oerflak | 1485 km² | |
Befolkingsticht. | 5.960,3/ km² | |
Hichte | 2240-3990 m | |
Oar | ||
Stifting | *13 maart 1325: Tenochtitlan | |
Tiidsône | CST, (UTC-6) | |
Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
Slute