Militêr
From Wikipedia, the free encyclopedia
In militêr is in persoan dy't wurk docht yn tsjinst fan in kriichsmacht fan in erkende steat, meastal it heitelân.
As in boppeneamd persoan net yn tsjinst is fan een erkende steat, is sprake fan in hiersoldaat, strider, rebel en yn guon gefallen sels fan in terrorist; organisaasjs mei sokke persoanen hjitte meastentiids milysje.
Ta ûnderskied wurde net-militêren as boarger oantsjutten. Der is in griis gebiet tusken militêr en boarger, dêr't de Geneefske Konvinsjes dúdlikheid oer besykje te jaan.
As in militêr him frijwillich oanmelden hat is it in beropsmilitêr. As se ta militêre tsjinst ferplichte binne troch harren nasjonale wetjouwing, is sprake fan in tsjinstplichtige.
Elke Nederlânske militêr falt ûnder de Nederlânske kriichstucht.
Militêr kin (as eigenskipswurd) ek "fan de kriichsmacht" betsjutte.