Nijfûnlân en Labrador
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nijfûnlân en Labrador (Ingelsk: Newfoundland and Labrador; Frânsk: Terre-Neuve-et-Labrador) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It is it meast eastlik leine diel fan it lân, dat mei de Kustprovinsjes de regio fan Atlantysk Kanada foarmet. De provinsje is opmakke út it eilân Nijfûnlân en in gebiet op it Kanadeeske fêstelân dat fan Labrador hjit. Wat oerflak oanbelanget, nimt Nijfûnlân en Labrador it sânde plak yn op 'e ranglist fan 'e tsien provinsjes, mei 4,1% fan it Kanadeeske grûngebiet (mar as de trije territoaria meirekkene wurde, komt it út op it tsiende plak). De haadstêd en teffens de grutste stêd is St. John's. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Nijfûnlân en Labrador doe krapoan 515.000 ynwenners, wat delkomt op 1,5% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Nijfûnlân en Labrador Newfoundland and Labrador | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Quaerite prime regnum Dei ("Set it sin alderearst op it keninkryk fan God") (Mt. 6:33) | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | NL |
lân | Kanada |
status (jier) | provinsje (1949) |
haadstêd | St. John's |
grutste stêd | St. John's |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 514.536 (2011) |
befolkingstichtens | 1,4 / km² |
oerflak | 405.212 km² (ynkl. wetter) 373.872 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -3½ (Nijfl.); -4 (Lbr.) |
webside | www.gov.nl.ca |