Olympus Has Fallen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Olympus Has Fallen is in Amerikaanske aksjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrollen Gerard Butler en Aaron Eckhart. De titel betsjut "De Olympus is Fallen" (yn 'e film is de berch Olympus, yn 'e Grykske mytology it wenstee fan 'e goaden, koade foar it Wite Hûs, de residinsje fan 'e Amerikaanske presidint). It ferhaal folget spesjaal agint fan 'e Amerikaanske Secret Service Mike Banning, dy't yn ûngenede fallen is nei't it him net slagge is om 'e first lady fan 'e dea te rêden by in ferkearsûngemak. As Noardkoreaanske terroristen it Wite Hûs yn Washington, D.C. oanfalle en de presidint fan 'e Feriene Steaten yn gizeling nimme, set er lykwols alles op alles om harren tsjin te kearen. Olympus Has Fallen krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Neitiid ûntstie op basis fan 'e film de Fallen-filmsearje, mei as earstfolgjende diel London Has Fallen út 2016. Olympus Has Fallen wurdt gauris betize mei in oare film oer in terroristyske oanfal op it Wite Hûs, White House Down, dy't in fearnsjier letter útkaam.
Olympus Has Fallen | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Antoine Fuqua | |
produsint | Antoine Fuqua Gerard Butler Alan Siegel Ed Cathell III Danny Lerner Mark Gill | |
senario | Creighton Rothenberger Katrin Benedikt | |
kamerarezjy | Conrad W. Hall | |
muzyk | Trevor Morris | |
filmstudio | Millennium Films Nu Image | |
distribúsje | FilmDistrict | |
spilers | ||
haadrollen | Gerard Butler Aaron Eckhart | |
byrollen | Morgan Freeman Rick Yune Angela Bassett Dylan McDermott Robert Forster Melissa Leo | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 maart 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Koreaansk) | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $70 miljoen | |
opbringst | $169,2 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Fallen | |
● folgjend diel | London Has Fallen |