Orne (rivier)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Orne is in rivier yn it noardwesten fan Frankryk. De rivier streamt troch de twa departeminten Orne en Calvados. It is wat lingte oanbelanget nei de Seine de wichtichste rivier fan Normandje.
Fluch de feiten
Slute
Nei't de rivier dwers troch de hichten fan Suisse Normande (Switsersk Normandje) streamt, fynt de rivier syn loop kanalisearre troch de stêd Caen en mûnet dan út yn It Kanaal, dêr't de rivier in estuarium foarmet mei in grutte ekologyske rykdom.
De Orne hat de namme jûn oan it departemint Orne en in soad plakken dêr't de rivier by lâns of troch streamt.