Palm Beach (Floarida)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Palm Beach (Ingelsk foar "Palmstrân"), offisjeel de Town of Palm Beach, is in plak mei de status fan town, dat oan 'e Atlantyske kust fan it Floarida-skiereilân leit, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It leit feitliks op in eilân foar de eigentlike kustline fan it skiereilân, dêr't it fan skaat wurdt troch de Intracoastal Waterway. Palm Beach heart ta de stêdekloft fan Miami en stiet krekt as bgl. Beverly Hills bekend as in wenplak foar de superriken. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie it plak doe 8.800 ynwenners.
Fluch de feiten
Palm Beach | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Palm Beach County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.800 (2018) | |
Oerflak | 21,0 km² (ynkl. wetter) 10,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 807,5 / km² | |
Stêdekloft | Miami | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Stifting | 1872 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 26°42′54″N 80°02′22″W | |
Offisjele webside | ||
townofpalmbeach.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Palm Beach yn Palm Beach County en yn 'e steat Floarida. |
Slute