Parlemint
From Wikipedia, the free encyclopedia
In parlemint is it heechst keazen beriedhâldende orgaan fan een demokratyske rjochtssteat, besteande út keazen fertsjintwurdigers fan it folk, de saneamde parlemintariërs of folksfertsjintwurdigers. It parlemint spilet as de saneamde wetjaande macht in essinsjele rol by it meitsjen fan wetten en tafersjochhâlden op de útfierende macht. De namme komt fan it Frânske parler, dat "prate" betsjut; in parlemint is in petear, in diskusje, dus in gearkomst dêr't minsken diskusearje oer saken. In folksfertsjintwurdiging hjit allinnich parlemint yn in parlemintêr systeem, har tsjinfuotter yn in presidinsjeel systeem wurdt kongres neamd.
Fan de nei skatting 180 lannen yn de wrâld hawwe 60 in bikeameraal systeem.
- It parlemint fan it Feriene Keninkryk bestiet út it Legerhûs ('House of Commons') en it Hegerhûs (House of Lords).
- De Steaten-Generaal fan de Nederlannen bestiet út de Twadde Keamer en de Earste Keamer (senaat).
- It Federaal Parlemint fan Belgje bestiet út de Keamer (fan Folksfertsjintwurdigers) en de Senaat. Yn it Belgysk parlemint wurde de beide keamers net beneamd mei earste of twadde, der is dus in formele gelykheid fan de twa keamers. Yn Belgje wurdt de term "wetjouwende keamers" brûkt om nei de beide keamers fan it parlemint as aparte entiteiten te ferwizen.
- It Dútsk parlemintêr systeem bestiet ek út twa organen: de Bûnsdei en de Bûnsried. Allinnich de Bûnsdei foarmet lykwols it federale parlemint. De Bûnsried wurdt as in ôfsûnderlike ynstelling beskôge.
Yn Nederlân wurdt de folksfertsjintwurdiging de Steaten-Generaal neamd. Sûnt 1814 is dit in parlemint, yn 1815 waard it splitst ta in twakeamerstelsel.
It Europeesk Parlemint hat ien keamer. Guon wolle in ekstra keamer mei leden út de nasjonale parleminten.