Police Academy 5: Assignment Miami Beach
From Wikipedia, the free encyclopedia
Police Academy 5: Assignment Miami Beach is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1988 ûnder rezjy fan Jim Drake, mei yn 'e haadrollen George Gaynes en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle 5: Operaasje Miami Beach". De film is it fyfde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 4: Citizens on Patrol, út 1987. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes ferbûn oan in pleatslike plysjeskoalle as se mei de ûnnoazele kommandant fan dat ynstitút ôfreizgje nei in konvinsje fan plysjekommissarissen út it hiele lân, dy't holden wurdt yn Miami Beach. Police Academy 5: Assignment Miami Beach krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 6: City Under Siege, kaam út yn 1989.
Police Academy 5: Assignment Miami Beach | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Alan Myerson | |
produsint | Paul Maslansky Donald West | |
senario | Stephen Curwick | |
kamerarezjy | James Pergola | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | George Gaynes G.W. Bailey | |
byrollen | René Auberjonois Bubba Smith Leslie Easterbrook Michael Winslow David Graf Marion Ramsey Tab Thacker Lance Kinsey Matt McCoy Janet Jones | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 maart 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $14 miljoen | |
opbringst | $54,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● foarich diel | Police Academy 3: Citizens on Patrol | |
● folgjend diel | Police Academy 6: City under Siege |