Púnjers
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Púnjers, Puniërs, Kartagers of Westfenysjers wiene in folk dat yn it westlike Middellânske Seegebiet libbe, dy't fan de Fenysjers ôfstammen. Hjoed-de-dei wurdt it begryp "Púnjer" nei de Fenysjers yn it westlike Middellânske Seegebiet ferwiisd, westlik fan de tinkbyldige grins tusken it Latynske westen en it Grykske easten.
Púnjers | |
---|---|
algemiene ynformaasje | |
oare namme(n) | Kartagers Westfenysjers |
taal | Punysk |
godstsjinst | Kanaänityske mytology |
historiografy | |
tiidrek | 12e iuw f.Kr. - 5e iuw n.Kr. |
gebiet | It kustgebiet fan: • Algerije • Tuneezje • Lybje • súdlik Spanje De eilannen: • Malta • Sisylje • Sardynje • de Baleären |
It folk befette de ynwenners fan harren thúslân om Kartago hinne, yn it hjoeddeistige Tuneezje, en de ynwenners fan harren koloanjes yn Noard-Afrika, westlik Sisylje, súdlik Sardynje, Malta, Ibytsa en súdlik Ibearje (Hispania). Harren taal, it Punysk wie in dialekt fan it Fenisysk.
De earste Fenysjers fêstigen harren yn it westlike Middellânske Seegebiet yn de tolfde iuw f.Kr. en hja foarmen hannelsrûtes fan de Fenisyske hannelsstêden Tyrus, dêr't Kartago fan út stifte waard, en Sidon. De Púnjers holden kontakten mei de Fenysjers, mar ûntwikkelen ek nauwe bannen mei de lânseigen folken yn it westlike Middellânske Seegebiet, en namen guon fan harren kultuerele eigenskippen oer. Guon fan dy eigenskippen waarden troch alle Westfenysjers yn it algemien oernaam, wylst oare eigenskippen beheind warden ta guon Punyske regio's.
De Westfenysjers stiften in stikmannich stêdsteaten, dêr't Kartago fan de fyfde iuw f.Kr. ôf de grutste en machtichste fan waard. Yn de fjirde iuw f.Kr. kamen de Punyske gebieten yn Sisyle en Sardynje ûnder Kartaachsk bestjoer, wylst oare Punyske stêden bûten Kartaachsk besjoer wisten te bliuwen. Yn de Punyske oarloggen (264-146 f.Kr.) ferlear Kartago syn hegemony yn it westlike Middellânske Seegebiet oan de Romeinske Republyk en nei it Belis fan Kartago yn 146 f.Kr. waard dy stêd troch de Romeinen folslein ferwoastge. Nei de fal fan Kartago bleau de Punyske taal en kultuer bestean oant wol yn de Lette Aldheid ta.