Reanimaasje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Reanimearjen is it keunstmjittich oernimmen fan it sykheljen en de bloedsomrin, yn gefal fan in sirkulaasjestilstân, bygelyks as gefolch fan in hartstilstân. As én it sykheljen, én de sirkulaasje wer op gong brocht wurde moatte, sprekt men ek wol fan Kardiopulmonale Resussitaasje (CPR).
Om te libjen, is de konstante oanfier fan soerstofryk bloed fan libbensbelang. De organen kinne net wurkje sûnder soerstof. De harsens binne it kwetsberst: nei 4-6 minuten sûnder soerstof rekket al in grut part sa skansearre dat normaal funksjonearjen net mear mooglik is. It transport fan soerstof troch it bloed kin op twa manieren fersteurd wurde:
- Bloed wurdt net mear rûnpompt omdat it hert net (goed) wurket. It hert kin wol bewege (fibrillearje), mar hat gjin effektive pompwurking. Wy sprekke dan fan in sirkulaasjestilstân. By in hertstilstân is der gjin beweging.
- Der wurdt gjin soerstof mear yn it bloed opnomd. Dit wurdt in sykhelstilstân neamd.
As er sprake is fan in sykhel-, en sirkulaasjestilstân wurdt dit de Klinyske dea neamd. Dochs, troch sa gau mooglik te begjinnen mei de reanimaasje kin de definitive dea mooglik foarkomd wurde. It is dus fan grut belang dat sa gau mooglik mei de reanimaasje begûn wurdt.