Rocky V
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rocky V is in Amerikaansk sportdrama út 1990 ûnder rezjy fan John G. Avildsen, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Talia Shire. Wichtige byrollen waarden spile troch Stallone syn soan Sage en de echte bokser Tommy Morrison. It ferhaal folget Rocky Balboa, dy't harsensletsel oprûn hat en dêrom ophâlde moat mei boksen. Hy fynt in nije útlit foar syn hertstocht foar de sport as er in talintfolle nije bokser ûntdekt. Rocky V waard oer it algemien troch de filmkritisy mei negative resinsjes ûnthelle. Hoewol't de film wol winst makke, foel de opbringst yn 'e bioskopen ôf. It liek sadwaande dat Rocky V de lêste film út 'e Rocky-searje wêze soe, oant sechstjin jier letter, yn 2006, Rocky Balboa makke waard.
Fluch de feiten
Rocky V | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John G. Avildsen | |
produsint | Robert Chartoff Irwin Winkler Tony Munafo | |
senario | Sylvester Stallone | |
kamerarezjy | Steven Poster | |
muzyk | Bill Conti | |
filmstudio | United Artists Star Partners III | |
distribúsje | MGM UA Communications | |
spilers | ||
haadrollen | Sylvester Stallone Talia Shire | |
byrollen | Burt Young Sage Stallone Tommy Morrison Burgess Meredith Richard Gant | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 novimber 1990 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 104 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $42 miljoen | |
opbringst | $119,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rocky (filmsearje) | |
● foarich diel | Rocky IV | |
● folgjend diel | Rocky Balboa |
Slute