Súd-Karolina
From Wikipedia, the free encyclopedia
Súd-Karolina (Ingelsk: South Carolina; útspr.: [saṷθ kæɹə'lai̭na], likernôch "saus kerre-laaina"), offisjeel de Steat Súd-Karolina (Ingelsk: State of South Carolina), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Karolina, byneamd de Palmetto State ("Dwerchpalmsteat"), is ien fan 'e Karolina's, dy't oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan lizze, yn it súdeasten fan it lân. De steat heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Columbia, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 4,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 24e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Karolina mei krapoan 83.000 km² de 40e steat. Súd-Karolina stiet bekend om syn neare klimaat, it grutte tal kristlike fûnemintalisten dat der wennet, en om it feit dat it yn 1860 de earste Súdlike steat wie dy't him oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch ôfskate fan 'e Feriene Steaten.
Steat Súd-Karolina State of South Carolina | |
---|---|
flagge | wapen |
Dum Spiro Spero (Latyn, "Salang't Ik Noch Sykhelje, Haw Ik Hope") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | SC |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1788) |
haadstêd | Columbia |
grutste stêd | Columbia |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 4.832.482 (2014) |
befolkingstichtens | 60,0 / km² |
oerflak | 82.931 km² (6,0% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Palmetto State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | www.sc.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Súd-Karolina. Foar oare betsjuttings, sjoch: Súd-Karolina (betsjuttingsside).