Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Return of the Jedi, is in Amerikaanske science fiction-film út 1983 mei eleminten fan fantasy en aventoerefiksje. It is it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en it trêde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977 en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi waard regissearre troch Richard Marquand mei yn 'e haadrollen Mark Hamill, Harrison Ford en Carrie Fisher. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VI – Weromkear fan 'e Jedi".
Star Wars: Episode VI Return of the Jedi | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Richard Marquand | |
produsint | Howard Kazanjian | |
útfierend produsint | George Lucas | |
senario | Lawrence Kasdan George Lucas | |
kamerarezjy | Alan Hume | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Mark Hamill Harrison Ford Carrie Fisher | |
byrollen | Billy Dee Williams Peter Mayhew David Prowse James Earl Jones Ian McDiarmid Anthony Daniels Kenny Baker | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 25 maaie 1983 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 132 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $32,5 miljoen | |
opbringst | $475,3 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × BAFTA 5 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace |
- Return of the Jedi wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Return of the Jedi (betsjuttingsside).
De plot fan 'e film giet likernôch in jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film fierder. Jedi-ridder Luke Skywalker, prinsesse Leia en harren freonen reizgje ôf nei de woastynplaneet Tatooine om Han Solo te befrijen, dy't noch altyd finzen holden wurdt troch de gangster Jabba de Hutt. Underwilens hâldt de Galaktyske Boargeroarloch tusken it Rebelleferbûn en it Galaktysk Keizerryk noch altyd oan. De boasaardige keizer Palpatine lit in nije Deadsstjer bouwe, en de rebellen binne wisberet om dat massaferneatigingswapen út te skeakeljen ear't it brûkt wurde kin. Dêrta fiert harren float, û.l.f. Lando Calrissian en admiraal Ackbar, in oanfal op 'e Deadsstjer út, wylst in kommando-ienheid oanfierd troch Han en Leia de generatorfasiliteit op it oerflak fan 'e boskmoanne Endor útskeakelje moat, dêr't it enerzjyskyld foar de Deadsstjer opwekke wurdt. Luke besiket ûnderwilens syn heit Darth Vader oer te heljen nei de ljochte kant fan de Krêft. Wat de rebellen net witte, is dat keizer Palpatine harren op alle fronten in stap foar is.
Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 1983. De film wûn in Oscar, in BAFTA en fiif Saturn Awards en waard yn 2021 foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi wie it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. As diel fan 'e Skywalker Saga waard it folge troch Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dat yn 1999 útkaam.