Texas Rangers
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Texas Rangers (útspr.: [ˈtɛksɪz ˈɹeːnʤǝɹs], likernôch: "tek-siz reen-dzjurs"), offisjeel eins de Texas Ranger Division (letterlik: "Teksaanske Grinsjagerdifyzje") is in Amerikaanske steatlike plysjetsjinst yn Teksas. It is de Teksaanske resjerzje, dy't korrespondearret mei wat yn oare Amerikaanske steaten yn 'e regel it "steatlik ûndersyksburo" hjit (lykas it CBI yn Kalifornje). De Texas Rangers waarden yn 1835 oprjochte en wiene oarspronklik in paramilitêre macht dy't oan 'e foargrins fan 'e beskaving de oarder hanthavene. Yn dy hoedanichheid spilen se in rol fan betsjutting yn it Wylde Westen, wat harren ek bûten de Amerikaanske lânsgrinzen bekendheid jûn hat. It haadkertier fan 'e Teksas Rangers is fêstige yn 'e Teksaanske haadstêd Austin. Yn 2019 wiene der 166 beëdige Texas Rangers, dy't in wurkgebiet hiene fan 696.240 km² mei in befolking fan krapoan 27,5 miljoen minsken. Hjoed oan 'e dei binne de Texas Rangers in wichtich elemint fan 'e Teksaanske kultuer.
Texas Rangers | |
---|---|
flagge | embleem |
De Texas Rangers fiere de flagge fan Teksas. | |
algemiene gegevens | |
namme folút | Texas Ranger Division ("Teksaanske Grinsjagerdifyzje") |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1835 |
falt ûnder | Teksaansk Departemint fan Iepenbiere Feilichheid |
doel | ● ûndersyk nei misdriuwen ● arrestaasje fan sochte kriminelen ● hanthavening fan 'e iepenbiere oarder ● beskerming fan boargers ● stipe oan lokale plysje |
sifers | |
leden | 166 (2019) |
wurknimmers | 234 (2019) |
oar | |
webside | www.dps.texas.gov/section/ texas-rangers |
- Texas Rangers wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Texas Rangers (betsjuttingsside).