Westlân (krite)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Westlân (Nederlânsk: Westland) is in krite yn it westen fan de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It gebiet leit rûchwei noardlik fan de Nije Wetterwei, súdlik fan De Haach, eastlik fan Hoek fan Hollân en westlik fan Delft.
Fluch de feiten
Westlân Westland | ||
Loftfoto fan de kassen | ||
emblemen | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
Kaart | ||
Lokaasje yn Súd-Hollân.
| ||
kaart | ||
Slute
- Dizze side giet oer de krite. Foar de gemeente mei deselde namme, sjoch: Westlân (gemeente).
Sûnt 2004 is Westlân ek de namme fan ien grutte gemeente yn it gebiet. Fierder omfiemet de krite de gemeente Midden-Delflân en de kearn Hoek fan Hollân, dy't part fan de gemeente Rotterdam is. Loosduinen, in stedsdiel fan De Haach, is in earder Westlânsk túnkersdoarp, waard lykas it Waterinske fjild troch De Haach anneksearre.
It Westlân is ferneamd om syn glêstúnbou. De krite hat dan ek de bynamme de Glêzen Stêd.