Woastyn fan Judeä
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Woastyn fan Judeä (Hebriuwsk: מדבר יהודה-Midbar Jehoeda) is in topografyske woastyn yn it súdlik part fan Israel en it Westjordaanlân. It gebiet leit yn it reinskaad fan it Judeäberchtme sadat dêr mar in bytsje delslach is. Dy tastân ferskilt mei de oanswettende Negev-woastyn dêr't it bytsje fral delslach taskreaun wurde moat oan de legere breedteline dêr't dy woastyn op leit.
Jeruzalem leit oan de râne fan de woastyn. Bewesten de stêd is it grien, eastlik is de woastyn dy't ôfrint nei de Deade See.
De Woastyn fan Judeä hat in oantal oazes, de meast bekenden binne Jericho en Ein Gedi. Ek it fort Massada leit yn dizze woastyn, dyt trochsnien wurdt troch tal fan wady's, fan it noardeasten nei it suden, en ek in protte djippe canyons.