Yellowstone (Amerikaanske telefyzjesearje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yellowstone is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûntwikkele is troch Taylor Sheridan en John Linson. It is in drama- en misdiesearje dy't yn 2018 úteinsette en anno 2023 fiif seizoenen rint. De titel ferwiisd nei (it streamgebiet fan) de rivier de Yellowstone yn 'e Amerikaanske steat Montana. Yellowstone is in dramasearje dy't ta it sjenre fan 'e neo-western rekkene wurde kin. De rige folget de feehâlder en grutgrûnbesitter John Dutton, eigner fan 'e Yellowstone Ranch, en syn bern wylst se harren ranch besykje te ferdigenjen tsjin wa't har dy ek mar ûnnaderje wol, fan 'e slûchslimme foarsitter fan 'e pleatslike Yndianestamme oant rike projektûntwikkelers út 'e grutte stêd en ûnmeilydsume kasinohâlders. De haadrol fan John Dutton wurdt fertolke troch filmakteur Kevin Costner; oare wichtige rollen wurde spile troch Luke Grimes, Kelly Reilly, Wes Bentley, Cole Hauser, Kelsey Asbille en Gil Birmingham. It súkses fan Yellowstone hat laat ta it ûntstean fan in hiele rige spin-offsearjes.
Yellowstone | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | Taylor Sheridan John Linson | |
produsint | John Vohlers Michael Polaire | |
útfierend produsint | John Linson Art Linson Taylor Sheridan Kevin Costner David C. Glasser | |
kamerarezjy | Ben Richardson | |
muzyk | Brian Tyler Breton Vivian | |
tillefyzjestudio | Linson Entertainment Bosque Ranch Productions Treehouse Films 101 Studios (fanôf seiz. 2) MTV Entertainment Studios (fanôf seiz. 4) | |
distribúsje | Paramount Media Networks | |
spilers | ||
haadrollen | Kevin Costner Luke Grimes Kelly Reilly Wes Bentley Cole Hauser Kelsey Asbille Gil Birmingham Jefferson White Danny Huston (seiz. 1–2) Brecken Merrill Forrie J. Smith Denim Richards (seiz. 3–4) Ian Bohen (seiz. 4) Ryan Bingham (seiz. 4) Finn Little (seiz. 4) Wendy Moniz (seiz. 5) Jennifer Landon (seiz. 5) Kathryn Kelly (seiz. 5) Moses Brings Plenty (seiz. 5) | |
skaaimerken | ||
foarm | tillefyzjesearje | |
sjenre | neo-westerndramasearje | |
seizoenen | 5 | |
jierren | 2018 – no | |
tal ôfl. | 53 (seiz. 1–5) | |
spyltiid (ôfl.) | 37 min. (pilot 92 min.) | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.paramountnetwork.com/ shows/yellowstone | |
besibbe searjes | ● 1883 ● 1923 ● 1944 ● Bass Reeves ● 6666 |