Ürümqi
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ürümqi of Urumqi (Oeïgoersk:ئۈرۈمچی; siz: "Uuruumtsji", Nederlânske skriuwwize op âlde kaarten: Oeroemtsji) of Wulumuqi is de haadstêd fan Sinkiang, in autonome regio yn it noardwesten fan Sina. De stêd hie 2.082.000 ynwenners yn 2004.[1]
Ürümqi 乌鲁木齐 | ||
Polityk | ||
Lân | Folksrepublyk Sina | |
Provinsje | Sinkiang | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.550.000 (2015) | |
Oerflak | 10.989 km² | |
Befolkingsticht. | 240/km² | |
Stêdekloft | 3.575.000 <small)(2017) | |
Hichte | trochsneed 800 m | |
Oar | ||
Tiidsône | Sina Standert Tiid (UTC+8) | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee yn 't Sineesk |
Under de Qing-dynasty en Republyk Sina hjitte de stêd Dinghua (迪化). Yn 1954 waard de namme fan de stêd feroare yn Wulumuqi (乌鲁木齐)/Ürümqi. Ürümqi betsjut "reade timpel" yn it Mongoalsk en yn it Oeïgoersk betsjut it "moaie greide". Hoewol't de stêd tichteby de noardlike siderûte leit, is it plak relatyf jong foar dy kontreien.
It is de grutste stêd yn de westlike helte fan Sina. De stêd hat taalkundich, kultuereel en kommersjeel mear bining mei it westen as it oarepart fan Sina. De befolking fan Ürümqi bestiet foar benei de helte út Han-Sinezen en goed 42% binne Oeïgoeren, it folk dat yn de lanlike gebieten fan Sinkiang de mearderheid fan de befolking foarmet.
Ürümqi is fan alle miljoenestêden de stêd dy't it fierste fan in see of in oseaan ôf leit.
Yn Sinkiang binne tsientallen goed bewarre mummy's fûn dy't faaks sa'n 4000 jier âld wêze kinne soene. De foarming fan de mummy's is nei alle gedachten op natuerlike wize bard, yn tsjinstelling ta de mummifikaasje dy't yn it âld Egypte tapast waard. It regionaal museum fan de haadstêd Ürümqi hat soksoarte mummy's, mar ek archeologyske fynsten dy't te krijen hawwe mei de siderûte.