Albert Camus
From Wikipedia, the free encyclopedia
Albert Camus (útspr.: [al'bɛ:ʁ ka'my]; Dréan (Frânsk-Algerije), 7 novimber 1913 – Villeblevin (Frankryk), 4 jannewaris 1960), wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, essayist, publisist, filosoof, sjoernalist en Nobelpriiswinner, dy't nettsjinsteande syn beheinde oeuvre (of miskien wol just dêrtroch) beskôge wurdt as ien fan 'e grutste figueren út 'e tweintichste-iuwske Frânske literatuer. Syn bekendste wurk is de roman L'Étranger. Hoewol't Camus ornaris beskôge wurdt as in oanhinger fan it eksistinsjalisme, wiisde er dy klassifikaasje sels rislút fan 'e hân. Neffens eigen sizzen wie syn hiele libben wijd oan it bieden fan wjerstân oan 'e filosofy fan it nihilisme, wylst er fierders in grut foarstanner wie fan yndividuële en seksuële frijheid. Dêrnjonken drukte ek syn komôf as bern fan Frânske kolonisten yn Algerije in swier stimpel op syn wurk. Yn 1957 waard him de Nobelpriis foar de Literatuer takend, trije jier foar't er hommels oan syn ein kaam by in auto-ûngemak.
Albert Camus | ||
skriuwer | ||
Albert Camus yn 1957. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Albert Camus | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 7 novimber 1913 | |
berteplak | Dréan (Frânsk-Algerije) | |
stoarn | 4 jannewaris 1960 | |
stjerplak | Villeblevin (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, toaniel, essay's, non-fiksje | |
perioade | 20e iuw | |
streaming | eksistinsjalisme | |
bekendste wurk(en) | L'Étranger La Peste | |
prizen | Nobelpriis 1957 | |
jierren aktyf | 1935 – 1960 | |
offisjele webside | ||
www.camus-society.com |