Albert Schweitzer
From Wikipedia, the free encyclopedia
Albert Schweitzer (Kaysersberg, 14 jannewaris 1875 – Lambaréné (Gabon), 4 septimber 1965) wie in Dútsk arts, luterske teolooch, filosoof, musikus en sindeling.
Albert Schweitzer waard yn 1875 berne yn Kaysersberg, yn de noardlike, doe Dútske Elzas, it tsjintwurdige Frânske Haut-Rhin-departemint. Yn 1951 krige hy de prestisjeuze Fredespriis fan de Dútske Boekhannel en yn 1953 de Nobelpriis foar de Frede. Hy is, útsein troch syn medysk wurk yn Afrika, foaral bekend wurden troch syn filosofy oer kultuer en etyk, en as musikus troch syn stúdzjes en ynterpretaasje op oargel en piano fan de muzyk fan Johann Sebastian Bach.