Alice yn Wûnderlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Alice yn Wûnderlân, yn it oarspronklike Ingelsk: Alice's Adventures in Wonderland (hoewol't it bekender wurden is ûnder de ferkoarte titel Alice in Wonderland), is in berneboek dat it masterwurk is fan 'e Ingelske skriuwer, dichter, wiskundige en fotograaf Charles Lutwidge Dodgson (1832-1898), better bekend ûnder syn pseudonym Lewis Carroll. It is in tiidleas, absurdistysk en bytiden hilarysk ferhaal dat ta it fantasy-sjenre rekkene wurde moat, oer in famke dat yn in kninehoale krûpt en dan yn in folslein oare wrâld bedarret dêr't se yn 'e kunde komt mei in hiele rige healwize personaasjes. Alice's Adventures in Wonderland waard foar it earst útjûn yn 1865. De Fryske oersetting fan Tiny Mulder datearret fan 1964.
Fluch de feiten
Alice yn Wûnderlân | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Alice's Adventures in Wonderland | |
auteur | Lewis Carroll | |
taal | Ingelsk | |
foarm | berneboek | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1865, Londen | |
oarspr. útjwr. | Macmillan Publishers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Alice yn Wûnderlân | |
publikaasje | 1964, Ljouwert | |
útjouwer | Afûk | |
oersetter | Tiny Mulder | |
ISBN oers. | 978-9 06 27 34 771 (werprint.) |
Slute