Anna Bijns
From Wikipedia, the free encyclopedia
Anna Bijns (Antwerpen, 1493 - 1575) wie in dichteresse út de oergongstiid tusken midsiuwen en renêssânse.
Hja bleau net-troud en joech les op in Antwerpske skoalle. Wyls wie de reformaasje yn folle gong, in ûntwikkeling dy't Anna fel ôfwisde. Gedichtebondels fan har hân kamen út yn 1528, 1548 en 1567. Dêryn keart se har fûleindich tsjin de lutheranen, dy't se as ôfgryslike ketters beskôge.