Anni Friesinger
From Wikipedia, the free encyclopedia
Anni Friesinger (folút: Anna Christina Postma-Friesinger; Bad Reichenhall, 11 jannewaris 1977) is in âld Dútske reedrydster.
Anni Postma-Friesinger | ||
sporter | ||
Anni Postma-Friesinger yn 2006 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 11 jannewaris 1977 | |
berteplak | Bad Reichenhall, Dútslân | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | (spesjalisearre op) 1000 en 1500 meter | |
trener | Gianni Romme |
Tusken 1994 en 2007 die se njoggen kear mei aan it WK Allround. Yn 1998 stie se foar it earst op it earepoadium, se einige as tredde. Se waard yn 2001, 2002 en 2005 wrâldkampioene. Op it WK fan 2005 wûn se mei fjouwer ôfstanseges, dêrmei wie se de sânde frou dy’t dy prestaasje delsette. Se behelle op WK Oer Alles toernoaien yn totaal 19 ôfstânsmedaljes: 9x goud, 5x sulver en 5x brûns.
Yn de perioade fan 2000 oant 2005 waard Friesinger fiif kear Europeesk kampioene allround. Allinne in 2001 wûn se de titel net trochdat se op de 1500 meter fallen wie.
Friesinger is op 11 augustus 2009 foar de wet troud mei de Fryske âld-reedrider Ids Postma fan Dearsum.