Antonius fan Padua
From Wikipedia, the free encyclopedia
Antonius fan Padua (Portugeesk: Santo António de Pádua), berne as Fernando Martins de Bulhões (* 15 augustus 1195 – † 13 juny 1231) – ek bekend ûnder de namme Sint-Antonius fan Lissabon (Santo António de Lisboa) – wie in katolyk preester en in muonts fan de Fransiskaanske oarder. Hy waard berne yn in rike húshâlding yn Lissabon, Portugal en ferstoar yn Padua, Itaalje. Nei syn dea waard er troch paus Gregoarius IX mei grutte faasje hillich ferklearre. Yn 1946 waard Antonius beneamd ta tsjerkelearaar en noch jimmeroan is Antonius ien fan de meast populêre katolike hilligen. Fan Antonius is yn in hiel soad tsjerken in alter of in devoasjebyld te finen. De hillige kin oanroppen wurde foar help as immen fan ferlern is.
Fluch de feiten
Antonius | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Fernando Martins de Bulhões | |
nasjonaliteit | Portugeesk | |
bertedatum | 15 augustus 1195 | |
berteplak | Lissabon, Portugal | |
stjerdatum | 13 juny 1231 | |
stjerplak | Padua | |
wurkpaad | ||
berop | muonts | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 13 juny (R.-K.) | |
hillichdom | Sint-Antonybasilyk, Padua | |
attributen | Boek, it Jezus-bern; leelje; minder faak: fisk, ezel, bôle | |
patroan fan | Portugal, Lissabon, Padua, Paderborn, allinnichsteande froulju, bern, earmen, mynwurkers, it houlik, minsken dy't fereale binne |
Slute