Artezyske boarne
From Wikipedia, the free encyclopedia
In artezyske boarne is in boarne dêr't it wetter samar nei boppe komt troch hydrostatyske druk op it wetter dat yn in bekken sit dat ûnder de grûn is. De namme komt fan de provinsje Arteezje (Artois) yn Frankryk, dêr't in soad fan sokke boarnen foarkomme.
De boaiem kin opboud wêze út ferskillende akwifers (wetterfierende lagen) dy't skaat binne troch lagen dy't gjin wetter troch litte. Om't in djipper lizzende wetterfierende laach wetter krije kin fan reinwetter út in oar heger lizzend gebiet, kin de hydrostatyske druk yn 'e djippere laach heger wêze as yn 'e boppelizzende laach. Dus in djippe wetterfierende laach mei hege hydrostatyske druk, wurdt ek wol in "artezysk bekken" neamd. Oeral dêr't in artezysk bekken in iepening hat nei it ierdoerflak, is in artezyske boarne te finen. Yn Fryslân wurdt der dan wol sprutsen fan "parswetter".
In "artezyske wel" is in put dat troch minsken makke is.