Beton
From Wikipedia, the free encyclopedia
Beton is in keunstmjittich stiennich materiaal, dat as boumateriaal brûkt wurdt. It moderne beton is gearstald út it bynmiddel semint en út ien of meardere taslachmaterialen lykas sân, gryn of stienslach. Semint hat de eigenskip út te hurdzjen as der wetter oan tafoege wurdt.
Goed beton is in mingsel wêryn de kerlgrutte fan de ferskillende soarten sân en gryn inoar sa oanfolje, dat it mingsel úthurdet ta in stienachtich en duorsum materiaal. Yn tsjinstelling ta bygelyks gips lost it úthurde beton net mear op at it yn oanrekking komt mei wetter.