Blanke-Man-Regearret-Him
From Wikipedia, the free encyclopedia
Blanke-Man-Regearret-Him (Ingelsk: White-Man-Runs-Him; Kriesk: Baaishtashíilinkuluush; Lodge Grass (Montana), ±1858 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 2 juny 1929) wie in Krieske kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Fluch de feiten
Blanke-Man-Regearret-Him | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Baaishtashíilinkuluush | |
oare namme | White Man Runs Him | |
nasjonaliteit | Kriesk Amerikaansk | |
berne | ±1858 | |
berteplak | Lodge Grass (Montana) | |
stoarn | 2 juny 1929 | |
stjerplak | yn it Krieë Reservaat (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner | |
jierren aktyf | 1876 | |
reden bekendheid | oanwêzich by de Slach oan de Little Bighorn |
Slute