Briana Banks
From Wikipedia, the free encyclopedia
Briana Banks, echte namme: Briana D. Bany (München, 21 maaie 1979), is in Dútsk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Mirage Spark, Mirage, Briana en Brianna. Har hjoeddeistige skûlnamme wurdt gauris misstavere as Brianna Banks. Hja waard berne yn Dútslân, mar groeide fierhinne op yn 'e Feriene Steaten. Yn 1999 sette se útein mei in tige súksesfolle karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn juny 2001 stie Banks as Pet of the Month yn it neakenblêd Penthouse.
Fluch de feiten
Briana Banks | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Brianna Banks, Mirage Spark, Briana, Brianna, Mirage | |
echte namme | Briana D. Bany | |
nasjonaliteit | Dútsk Amerikaansk | |
berne | 21 maaie 1979 | |
berteplak | München (Beieren) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1999 – 2006, 2008 – 2013 & 2015 – no | |
offisjele webside | ||
www.brianabanks.com |
Slute