Brief oan Filémon
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Brief oan Filémon, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Φιλήμονα, Epistoli pros Filemona, ek wol koartwei Filémon neamd, is it achttjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de trettjinde fan 'e brieven, wurdt gauris ta de Pastorale Brieven rekkene en heart yn bredere sin ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is ûnder bibelwittenskippers en teologen algemien oanfurde, al neamt Paulus sels yn de ynlieding Timóteüs as mei-skriuwer.
Brief oan Filémon | ||
Papyrus 87 (Gregory-Aland), in fragmint fan it Brief oan Filémon. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Φιλήμονα ("Epistoli pros Filemona") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 54 – 63 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan Titus | |
● folgjend diel | Brief oan de Hebreeërs | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan Filémon | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Ut 'e tekst docht bliken dat Paulus yn it tichthús siet doe't er Filémon skreau, krekt as it gefal wie by Efeziërs, Filippiërs en Kolossers. Sadwaande wurde dy fjouwer brieven ek wol de Finzenskipsbrieven neamd. Dêrfandinne dat Filémon datearre wurde kin yn trije ûnderskate perioades: doe't Paulus fêstholden waard yn Efeze (54-57), yn Sesareä (58-61) en yn Rome (61-63). Der wurdt tocht dat dy lêste snuorje it meast yn 'e reden leit; men is fierders fan tinken dat Filémon foar 't neist tagelyk mei Kolossers skreaun en ferstjoerd is.
Filémon is de koartste fan alle oerlevere brieven fan Paulus en bestiet mar út ien haadstik fan yn totaal 25 fersen. It is rjochte oan Filémon, in foaroansteand lid fan 'e ier kristlike gemeente yn it Lytsaziatyske Kolosse, en giet, oars as alle oare brieven fan Paulus, inkeld oer persoanlike oangelegenheden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Filémon stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.